Hieronder ziet u een aantal spreekwoorden.
Door er op te klikken ziet u de uitleg.
In útsûndering kin ek in foarboade fan in nije regel wêze
» De beam fan de stilte draagt de frucht fan de frede
|
» In soad minsken hawwe har goede gewisse te tankjen oan harren minne ûnthâld
|
» In minút omtinken besparret jin wolrin in omwei fan in oere
|
» De slimste pleagen foar in skipper binne in lek skip en in lilk wiif
|
» Wa 't in soad seit moat in protte wier meitsje
|
» Wa’t twifelet oan de goede útslach, hat de slach al heal ferlern
|
» In hin dy't har earste aai leit, keakelt it lûdroftichst
|
» Wês bliid mei wat jo hawwe en suchtsje net om it ferline
|
» By it âlder wurden giet alles minder, mar it ferjitten giet de helte better
|
» It is makliker foar in prinsipe te fjochtsjen as dermei te libjen
|
» Freonen sjochst net, dy steane efter dy
|
» Sa is it en net oars, want as it oars wie, dan wie it net sa
|
» Men is net folwoeksen as men gjin bern doart te wêzen
|
» Wat immen mei nocht docht, docht er yn ‘e regel ek goed
|
» Wêz earlik tsjin dysels, dan bis ek earlik tsjin in oar
|
» Better twa kear freegje as ien kear it paad bjuster reitsje
|
» De bêste breidster lit wolris in stek falle
|
» Wês fluch yn 't harkjen, mar jou dyn antwurd mei geduld
|
» Slút freonskip mei dyn buorman, mar brek it sket net ôf
|
» In goed wiif en in goed hynder moat men noait om fierrens sykje
|
» In útsûndering kin ek in foarboade fan in nije regel wêze
|
» Op de klok sjen wol net sizze dat je witte hoe let it is
|
» Wa 't bûter op 'e holle hat, moat net yn 'e sinne rinne
|
» It jinge jo net feroarje kinne, moatte jo ferdragen leare
|
» Men moat immen stypje om him dwaan te litten wat er kin
|
» As ien it meitsje kin, kin ek ien it kreakje
|
» As men alles foarút wist, wie ryk wurden gjin keunst
|
» It libben is jaan en nimmen, mar benammen leare.
|