Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaWoansdei 12 Desimber 2018

 


Ynwenners SWF: it Frysk moat bliuwe

De Fryske taal moat bestean bliuwe, en der oer hûndert jier ek noch wêze. Mar dat betsjut net dat it Frysk oan elkenien oplein wurde moat. Dat is ien fan de útkomsten fan in enkête dy’t ôfrûne maitiid hâlden is ûnder ynwenners fan Súdwest-Fryslân.

De útkomsten fan de enkête wurde mei brûkt troch de gemeente om in nij taalbelied te meitsjen. Sa’n 1200 ynwenners fan achttjin jier en âlder hawwe de enkête ynfolle. Fan harren die krapoan 40 persint dat yn it Frysk.

Sa as ferwachte, tinke de ynwenners hiel ferskillend oer it Frysk. Ek ûnder de Fryskpraters is der in grut ferskaat. Mar hast elkenien fynt dat it Frysk by de Fryske kultuer heart en de provinsje unyk makket yn Nederlân.

Ynwenners fine it wichtich dat bern dat goed meikrije: sy binne de takomst en kinne der foar soargje dat de taal oerlibbet. Dêrom wolle se dat bern it Frysk op skoalle leare, op in ‘leuke’ manier. Folwoeksen minsken moatte neffens harren net twongen wurde, mar útnûge om it Frysk op in positive manier te brûken of te learen. Tagelyk fine de ynwenners it belangryk dat de gemeente it Frysk en it Nederlânsk neist inoar brûkt: Súdwest-Fryslân is in twatalige gemeente en dat mei sjoen wurde.

‘In moaie útdaging’

Wethâlder Stella van Gent is bliid mei de útkomsten. “Der leit in moaie útdaging foar de gemeente en ek foar ús ynwenners. Foar ús by it meitsjen fan nij belied en it útfieren dêrfan. En foar de ynwenners by harren hâlding foar it Frysk oer, bygelyks it grutbringen fan ’e bern. Wat wolle sy dat harren bern meikrije fan it Frysk? En dan giet it net allinnich om ’e taal, mar ek om de Fryske kultuer.”

Van Gent wol sels it goede foarbyld jaan. Sy begjint yn septimber mei in ferfolchkursus Frysk praten. Wethâlder Erik Faber sil fan ’t hjerst ek in kursus Frysk praten folgje. Van Gent: “It Frysk is in prachtige en unike taal dy’t mear omtinken fertsjinnet. It is in taal om grutsk op te wêzen.”


Jo reaksje tafoege

Besteande reaksjes:
Der binne noch gjin reaksjes.

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs