Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSnein 22 July 2018

 


Frânske filmkomeedzje yn notaristún yn Jorwert

Dizze simmer in Frânske filmkomeedzje yn de notaristún yn Jorwert. It Iepenloftspul Jorwert bringt De Famylje Bellier foar it fuotljocht. In moderne klassiker wêryn’t muzyk, humor, drama én fernijing in sintrale rol hawwe.

 Muzyk fan Ramses Shaffy & Liesbeth List nimme de besikers yn De Famylje Bellier mei fan ôflevering nei ôflevering en soarget foar in Netflix-oranje-tried yn it iepenloftspul. Foar de gelegenheid binne nûmers út it repertoire fan Shaffy en List spesjaal en opnij arranzjearre. Yn De Famylje Bellier spilet it koar in grutte rol: Yn elke ôflevering stiet ien fan de nûmers sintraal.

Iepenloftspul De Famylje Bellier fertelt oer famylje Bellier, it doarp dêr’t sy wenje en it koar dêr’t hast elk út it doarp bysit. Opbout as Netflix-seary komme de minsken yn sân ôfleverings yn ‘e kunde mei de famylje Bellier en har doarpsgenoaten.

 Utsein âldste dochter Famke, is elkenien yn de famylje Bellier dôf. Op de pleats dêr’t sy buorkje en yn it doarp tsjinnet Famke dan ek as ferbining nei de bûtenwrâld ta. Hjirtroch is Famke in ûnmisbere skeakel yn it libben fan it gesin. Mar.., Famke dreamt der fan om út te brekken. Se dreamt der fan om fuort te gean en frij te wêzen.
At de âldste dochter by it doarpskoar giet, blykt se oer sa’n bûtengewoan moaie stim te beskikken dat de dirigint har oanriedt en doch dêr wat mei. Famke belânet yn in ûnmooglike spagaat: Kiest se foar harsels, of kiest se foar de famylje? Kiest se foar har stim, of lit se dy ferstomme?

Spilers binne dit jier Sjoerd van Beem, Leon van Esveld, Fokke Plantinga, Sjoukje Jager, Doete Stenekes, Oane Swart, Jannie van der Veen, Jan Haakma en Lodewijk Riedhorst. Lykas oare jierren is de rezjy yn hannen fan Tjerk Kooistra.


Jo reaksje tafoege

Besteande reaksjes:
Der binne noch gjin reaksjes.

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op moandei 6 augustus

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs