Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 20 Septimber 2019

 


SDS bekert fierder: Wy ha der wol fertrouwen yn


4 febrewaris 2019

It earste fan SDS spilet op tiisdeitejûn 19 febrewaris (20.00 oere) yn de fjirde ronde fan de Beker tsjin it earste fan SC Twijzel út Twizel. It is de earste kear yn de histoarje dat SDS yn de striid om de noardelike beker foar amateurklubs ‘oerwintere’ hat. By winst spilet de Eastereinder klub yn de fyfde ronde tsjin it Drintske Elim 1 of Flevo Boys 2 út Emmeloard.

Op papier binne Twijzel en SDS aardich oan elkoar weage. SDS spilet op sneon yn tredde klasse A, de ploech út Twizel spilet ek op sneon en dan yn de tredde klasse B. ,,Wy ha kâns om in ronde fierder te kommen”, sa seit foarsitter Willem Wijnja fan SDS. Ek trainer Douwe Posthuma is optimistysk oer de kânsen fan SDS. ,,De foarútsichten binne goed. Ik ha der wol fertrouwen yn, wy begjinne hieltiten better te draaien.”

Neidat yn de poule  gelyk spile waard tsjin Foarút (0-0) en wûn waard fahn Beetgum (3-           0) en Bolsward (4-0) moast SDS it yn de twadde ronde fan de beker opnimme tsjin Waskemeer (4-1) en Leovardia. De lêste wedstriid einige yn 2-2, mar SDS wûn nei strafskoppen. ,,Dat wie wol spesjaal”, seit trainer Posthuma. It is ek foar as trainer de earste kear dat er yn de beker oerwintere hat.

De fjirde ronde fan de beker is wol spesjaal, fine Wijnja en Posthuma.,,Je spylje tsjin klubs dêr’t je oars net tsjin spylje”, seit de foarsitter. ,,En as wy dizze westriid winne wurdt it hiel ynteressant. Dan krije wy mei de wat gruttere klubs te meitsjen.”

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

De folgjende krante ferskynt op woansdei 17 april 2019

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids