It CDA is yn Littenseradiel de grutste partij wurden bij de ferkiezings foar de Twadde Keamer. Yn dizze gemeenten brochten 1743 minsken harren stim út op it CDA, dy't dêrmei 24,7 % fan de stimmen krige. Op it twadde plak de VVD mei 1433 stimmen (20,3 %).
Ek yn Littenseradiel is de PvdA de grutte ferliezer. Op dizze partij stimden 628 minsken en dat wie goed foar in 8,9 % fan de stimmen. De PvdA moat yn Littenseradiel de SP (9,0%) en D66 ((9,4%) foar gean litte, mar bleaun wol de PVV foar. De PVV krige 503 stimmen (7,1%). De partij Denk krige yn Littenseradiel mar twa stimmen. De partij fan Henk Krol (50PLUS) krige 173 stimmen en op de ChristenUnie waarden 225 stimmen útbrocht.
«« werom
|
|