Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaTongersdei 25 April 2019

 


Eigen bankje foar Philippus Hingst


15 april 2019

Master Philippus Hingst út Easterein hat no syn eigen sitbankje. Oan de Alde Dyk hat de Fûgelwacht Easterein yn gearwurking mei Doarpsbelang Hâld Faesje en de gemeente Súdwest-Fryslân in bankje delsetten. Foar al syn wurk foar de fûgelwacht en dan benammen de neisoarch is Hingst beleane mei in sitbankje. As skoalmaster makke er de bern enthûsjast foar it aaiskykjen en de neisoarch. Tegearre mei syn frou waard Hingst ôfrûne sneontemiddei mei hynder en wein nei de Alde Dyk brocht en waard it bankje ûntbleate. Fan dat plakje ôf sjocht de âld-skoalmaster út op syn neisoarchgebiet. Hingst is in betûft aaisiker. Yn 2006 fûn er yn it lân fan Flapper by Hidaard it earste ljipaai fan Littenseradiel. Op itselde plak hie syn pake Jentje 71 jier earder it earste aaike fan Nederlân fûn. Op de foto Philippus en …Hingst. Efter it bankje it bestjoer fan de Fûgelwacht Easterein mei fan links nei rjochts: foarsitter Gerard van Asselt, briedsoarchkoördinator Peter Sybesma, ponghâlder Gep Bakker, jeugdfoarsitter Doede Kooistra en siktaris Hans Kooistra.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

De folgjende krante ferskynt op woansdei 17 april 2019

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids