Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSnein 25 Febrewaris 2018

 


Earste ljipaai Littenseradiel fn by Hilaard


13 maart 2017

Moandeitemoarn om 8.10 oere is yn it lân efter it tankstasjon by Hilaard it earste ljipaai fan Litttenseradiel fûn. De finer, Rindert Jansma út Deinum, is oan it ein fan de moarn op it gemeentehûs yn Wommels ûntfongen troch boargemaster Johanneke Liemburg. Rindert (1998) krige in oarkonde en it finerslean fan 15 euro. Ljipaaien meie net mear meinommen wurde. It aaike koe om dy reden net lottere wurde op it gemeentehûs. De Bond van Friese Vogelwachten hat it aaike yn it lân kontrolearre ebn de finer koe oantoane dat er oan de easken foldie. 

It wie net allinne it earste ljipaai fan de gemeente, mar ek it lêste. Littenseradiel ferdwynt op 1 jannewaris 2018.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 7 maart 2018

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids