,,De Freule is altiten al in bysûndere partij en dit jier is er noch bysûnderder". Dit sei foarsitter Tjeerd Dijkstra fan de Stichting de Freulepartij Wommels woansdeitejûn by de lotting fan de Freule, dy't op sneon 19 septimber ferkeatst wurdt. Op de list steane 39 partoeren mei. Mei dat oantal is it Freulebestjoer dik tefreden. It binne der nammentlik mar twa minder as ferline jier.
De Freulepartij is dit jier net frij tagonkelik. De partij is allinne te besykjen troch minsken, dy't in útnoeging krigen hawwe. Om de oardel meter te garandearjen wurdt it tal minsken op it keatsfjild beheind ta maksimaal 500. Favoryt foar de Freule is dit jier it jongespartoer fan Dronryp.
De lotting
1. Folsgeare - 2. Frjentsjer
3 . Grou - 4 Wytmarsum
5. Sint Anne - 6. Reahûs-Tirns
7. Easterwierrum - 8. Stiens
9.Lioessens - 10. Ljouwert
11. Baard - 12. It Hearrenfean
13. Wommels - 14. Dronryp
15. Easterein - 16. Spannum
17. Arum - 18. Raerd
19. Boalsert - 20.Metslewier
21. Eksmoarre - 22. Tsjom
23. Ingelum- 24 Kimswert
25. Ried - 26. Bitgum
27. Itens - 28. Hommerts-Jutryp
29. Gaast - 30. Jellum-Bears
31. Makkum - 32. Reduzum
33. Menaam - 34. Winsum
35. St. Jabik - 36.Seisbierrum
37. Balk - 38. Lollum-Waaksens
39. Berltsum
«« werom
|