It team fan Ljouwert hat freedtejûn yn Easterlittens de tweintichste edysje fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote op syn namme skreaun. Yn de finale fersloegen de Ljouwerters it team fan Frjentsjer mei 10-6. It wie de twadde kear dat Ljouwert it kampioenskip wûn. De earste kear wie yn 2005. Ljouwert spile freedtejûn mei Hans Wassenaar, Jouke Bosje, Enno Kingma, Feiko Broersma, Pieter Jan Plat en Karel Nijman de finale. Op de foto's it Ljouwerter kampioensteam. De foto's binne makke troch Jaap Terpstra.
«« werom
|
|