De jeu de pelote-teams fan Makkum, Ljouwert en Easterlittens hawwe harren woansdeitejûn yn Easterlittens yn de twadde omloop pleatst foar de heale finales fan de Iepen Fryske kampioenskippen jeu de pelote, dy't tongersdeitejûn op It Plein spile wurde.
Makkum wûn woansdeitejûn mei 6-5 fan Wjelsryp, Ljouwert fersloech Bitgum mei 7-4 en Easterlittens wie mei 6-5 krekt efkes sterker as Winsum. Yn de earste heale finale spilet Frjentsjer tsjin Makkum en Easterlittens moat it opnimme tsjin Ljouwert. It begjint om 19.00 oere.
De winners fan de heale finales treffe inoar op freedtejûn 22 juny yn de finale. Foarôfgeand oan de finale is der in demonstraasjewedstriid tusken twa jongesteams. It begjint om 18.30 oere.
«« werom
|