It famkespartoer fan Easterein hat sneon yn Hitsum de achttjinde edysje fan de Ald-Meiers Partij op har namme skreaun. Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Jeska Terpstra soargen der foar dat de wikselpriis De Sulveren Pong yn Easterein terjochte kaam. Gongen de froulju earst yn Hitsum op de koets troch it doarp, letter op de jûn folge in rûnrit troch it eigen doarp. Yn de earste omloop wûnen Roelie, Selma en Jeska fan Dronryp (5-0/6-0), yn de twadde omloop wiene se te sterk foar Arum (5-0/6-2) en yn de tredde omloop hie Easterein in steand nûmer. Yn de heale finale waard Makkum mei 5-0 en 6-6 ferslein en yn de finale waard wûn fan Seisbierrum/Pietersbierum. De einstân wie 5-4 en 6-6. Oan de Ald-Meiers Partij diene tweintich partoeren mei.
«« werom
|
|