Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaTongersdei 14 Novimber 2019

 


Prizen foar doarpskranten


30 jannewaris 2019

It artikel 'De profylfoto fan Klaas in grut sukses', dat Pieta Zijlstra skreaun hat foar de doarpskrante Diggelfjoer yn Wommels, is troch de sjuery fan de priis foar it bêste Frysktalige stik yn de doarps-, wyk en stedskranten fan 2018 yn de gemeente Súdwest-Fryslân, beleane mei in twadde priis. In tredde priis wie der foar it artikel 'Hoe is it no mei...' fan Watse Zeinstra fan de doarpskrante Diggelfjoer út Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum. De earste priis wie foar it stik 'Kode read, 39 jier lyn', dat Ida van den Berg skreaun foar de doarpskrante Pinfisker út Parregea.

De prizen waarden woansdeitemiddei yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert útrikt troch wethâlder Stelle van Gent fan Súdwest-Fryslân. Foar de priisfraach wiene 29 teksten ynstjoerd troch njoggen ferskillende doarpskranteredaksjes. De sjuery bestie út Douwe Blom (riedslid FNP Súdwest-Fryslân), Jantine Weidenaar (sjoernalist Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (skriuwer). It wie de tredde kear dat de gemeente de prizen útrikte.

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

De folgjende krante ferskynt op woansdei 17 april 2019

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids