Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 20 Septimber 2019

 


Rely-priisfraach foar 65ste kear iepensteld


23 jannewaris 2019

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 65ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 13 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl   Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

De folgjende krante ferskynt op woansdei 17 april 2019

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs