Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaTongersdei 5 Desimber 2019

 


Slachtepop op 8 en 9 juny op Littenserbuorren Wommels


26 maaie 2018

Foar 8 en 9 juny stiet Slachtepop op it programma. Op de befaamde terp vlakby de Slachtebrêge op Littenserbuorren by Wommels wurdt freeds earst wer keatst yn de “Keatsdome” neist de tinte. Oan de Wylde Nachtkeatspartij, dy’t om 19.00 oere begjint, kinne maksimaal 44 partoeren meidwaan. Der wurdt keatst yn in A & B klasse en alles wurdt mongen, froulju, manlju en genderneutraal, sa meldt de organisaasje.

 Dielnimmers moatte harren wol opjaan. Dat kin per partoer. Tidens it keatsen sil Vocal Roses (de fryske O’G3NE) de muzyk fersoargje. Elts sil trij omlopen keatse, en op it ein fan ’e jûn sil it oantal earsten útmeitsje wa’t de winners binne fan dizze fernijde mar o sa spektakulêre nachtkeatsparty. Opjaan kin fia de side www.slachtepop.nl.

Minsken dy’t net sa goed keatse kinne of harren op in oare wize sjen kinne de sneontejûns o(21.30 oere) p Littenserbuorren terjochte. Op’e sneontejûn fan Slachtepop wurdt nammentlik it iepen frysk kampioenskip drankjes nuttigje holden. Dit wurdt dien yn de Après-Ski sfear.  Wir Sind Spitze! & Jelle B sil de feestgongers meinimme nei Tirol en dêr wurdt it feestje ferfolge.  Op’t ein fan’e jûn komt men fansels wer werom yn’e tinte.

Kaarten binne yn it foar te krijen by Jumbo Wommels en Miedema’s Lunchroom Boalsert foar mar €10,-



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

De folgjende krante ferskynt op woansdei 17 april 2019

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids