Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaMoandei 26 Augustus 2019

 


Audysje foar De profylfoto fan Klaas


18 febrewaris 2018

Yn de Jacobitsjerke en it tsjerklik gebou it Bynt wiene ôfrûne sneon de audysjes foar De profylfoto fan Klaas. It is ien fan de 32 projekten fan Under de Toer, dat yn it ramt fan de kulturele manifestaasje LF2018 plakfynt. De profylfoto fan Klaas wurdt ein septimber/begin oktober yn de Wommelser PKN-tsjerke opfierd. Bewenners fan Tywerthiem wurkje oan de muzikale teaterproduksje mei. Klaas is in âld-ynwenner fan Wommels en is boer wurden yn Sweden. De profylfoto fan Klaas op WhatsApp is in foto fan de tsjerketoer fan Wommels, mei de Fryske flagge yn top. Yn de teaterproduksje wurdt de rol fan de toer as baken yn it libben beskreaun en besongen. It skript fan De profylfoto fan Klaas is fan Sjoukje de Boer. De rezjy is yn hannen fan Catrien Jonker.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

De folgjende krante ferskynt op woansdei 17 april 2019

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids