Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSnein 13 Oktober 2019

 


Ynskriuwing fan keunstrûte 2018 iepen


11 novimber 2017

It organisaasjeteam is begûn mei de tarieding fan de njoggende edysje fan de Keunstrûte Littenseradiel, dy’t hâlden wurde sil yn it wykein fan 26 en 27 maaie 2018, beide dagen fan 11.00 oant  17.00 oere. De ferwachting is dat der sa’n tritich lokaasjes en mear as it dûbele oan kunstenaars oan mei dwaan sille.

 De ynskriuwing foar it dielnimmen oan de Keunstrûte Littenseradiel is fanôf begjin novimber iepene foar ynwenners an ús tsjintwurdige gemeente Littenseradiel. De organisaasje noeget sawol professionele as goede amateurkeunstbeoefeners op it mêd fan bylzjende keunst, performance, poëzy, muzyk en dûns út om fan‘e maitiid harren ateliers of eksposysjeromtes iepen te stellen foar publyk.

Keunstrûte Littenseradiel wurdt fanôf 2018 net meer yn de gemeente Littenseradiel hôlden mar wol yn itselfde gebied yn de Greidhoeke. De namme Keunstrûte Littenseradiel bliuwt lykwols bestean. De oersjocheksposysje komt yn elts gefal wer yn Winsu. Ek de fergese lotterij ‘Win in keunstwurk’ stiet wer op it programma.

Gasteksposanten fan bûten de gemeente kinne ek yn 2018 wer dielnimme, mits sy eksposearje op útnoeging fan in dielnimmer út en op in lokaasje yn de gemeente Littenseradiel.

It oanmeldingsformulier en de betingsten binne te finen op de website: www.friesekunstroute.nl.

De ynskriuwtermyn slút 1 jannewaris 2018.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

De folgjende krante ferskynt op woansdei 17 april 2019

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids