Liesette Bruinsma út Wommels is by de huldiging fan de medaljewinners fan de Paralympics yn Den Haag keninklik ûnderskieden. Se is beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje Nassau. De ûnderskieding waard haar woansdeitemiddei opspjeldde troch steatssikretaris Martin van Rijn. Yn Rio wûn de bline swimster Liesette de measte medaljes. Se kaam thús mei twa gouden, ien sulvren en twa brûnzen medaljes.
Kommende freedtejûn wurdt Liesette yn it eigen doarp huldige. Dit feest begjint om 19.00 oere op de Terp.
«« werom
|