Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaMoandei 25 Septimber 2017

 


CDA grutte winner ferkiezings Littenseradiel

It CDA is by de ferkiezings fan Provinsjale Steaten yn Littenseradiel de grutte winner wurden. De partij behelle fan de 5027 jildige stimmen mar leafst 1297 stimmen en dat betsjut dat 25,7 persint fan de minsken mei stimrjocht keazen hat foar it CDA. Fjouwer jier lyn wie dat 22,1 persint.

De FNP bliuwt yn Littenseradiel de op ien nei grutste partij mei 938 stimmen (18,6 %). In grutte dreun krige de PvdA. Stimde yn 2011 noch 20,1 persint fan de minsken op de PvdA, dizze kear wie dat 15,8 persint. De PvdA krige 795 stimmen. Ek de VVD buorke efterút en krige 591 stimmen (11,7 %). Fjouwer jier lyn wie dat 13 persint. Winst wie der foar D66, dy’t yn 2011 trije persint fan de stimmen krige en no 5,4 persint.


Jo reaksje tafoege

Besteande reaksjes:
Der binne noch gjin reaksjes.

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids