Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaMoandei 25 Septimber 2017

 


Fernijd sportfjild Easterein iepene


5 oktober 2016

Mei in fikse traap tsjin de bal iepene boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel woansdeitejûn it fernijde sportfjildenkompleks De Skoalleseize yn Easterein. De klaaiboksen binne fernijd, it B-fjild is oanpast en op it haadfjild leit no keunstgers. 

Krekt op de dei dat it fjild iepene waard brocht tillefyzjeprogramma Zembla nei bûten dat der by wittenskippers grutte twifels binne oer de feiligens fan keunstgers.Keunstgers soe de sûnens fan de minksen yn gefaar bringe. Om it keunstgersfjild lykje te litten op in echt gersfljild wurde der tusken de keunstsprieten mealde autobannen brûkt.Yn autobannen soene neffens Zembla hege wearden fan sink, oalje en giftige kankerferwekkende stoffen oantroffen wêze. 

Foarsitter Marrie Eringa fan De Skoalleseize joech by de iepening oan dat it stichtingsbestjoer en de fuotbalklub SDS de útkomsten fan it ûndersyk ôfwachtsje.

Ta gelegenheid fan de iepening spile it earste fan SDS in oefenwedstriid tsjin sc Heerenveen JO19-1. De einstân wie 8-1 foar de klup út it Hearrenfean. Foar SDS skoarde Jelmer Posthumus.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [2] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids