Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 24 Novimber 2017

 


It wie skraabjen, mar de wethlder is tefreden


21 oktober 2014

Wommels – It wie neffens wethâlder Bram Bonnema skraabjen, mar dat it de gemeente Littenseradiel dochs slagge is om de begrutting foar de kommende fjouwer jier slutend te krijen, jout him in goed gefoel. ,,Ik soe net witte wêr’t we no noch op besunigje moatte, want we ha mei elkoar ôfpraat foarsjennings lykas swimbad en bibleteek oer ein te hâlden”, sa stelt de wethâlder.

Om tsjinslagen op te fangen is der op it gemeentehûs yn Wommels noch in potsje fan 2,5 miljoen euro. Bliuwe dy tsjinfallers út dan is der de kommende jierren yn alle gefallen noch in heal miljoen beskikber om winsken út te fieren. Yn de begrutting 2015-2018 binne dy winsken opnommen. Dan giet it bygelyks om de oanlis of renovaasje fan sportfoarsjennings, de útwreiding of renovaasje fan doarpshuzen, ferbettering fan de trochgeande rûte troch Mantgum, de oanlis fan in kuierpaad lâns de Sibadawei yn Easterein, it ferbreedzjen fan de dyk tusken Wommels en Easterein en de oanlis fan it Swettepaad tusken Jellum en de Swette.

Kommend jier stekt de gemeente ien miljoen euro yn fiif grutte projekten. It giet om in keunstgersfjild yn Easterein, it opknappen fan de Hottingawei en de tagongswegen yn Wommels, it ferbetterjen fan de ferkearssituaasje op de Hegedyk by Weidum, it fergrutsjen fan it parkearterrein by it NS-stasjon en de realisaasje fan 60 km-sônes op de trochgeande diken yn de gemeente.

Om jild foar dizze projekten frij te meitsjen moat de gemeente flink besunigje. It kolleezje stelt de rie foar om fia natuerlik ferrin it tal meiwurkers mei 5 fte werom te bringen. ,,We ha besjoen hoefolle minsken we nedich hawwe om goed ús wurk te dwaan. Doe die bliken dat we rom yn ús jaske sitte en dat we fiif folweardige arbeidsplakken ôfbouwe kinne.” Ek wurdt der besunige troch de brêgen fan Easterlittens en Winsum troch ien brêgewipper betsjinje te litten, wat minder faak de bermen te meanen en it krystpakket foar it persoaniel fan de gemeente ôf te skaffen. Wethâlder Bonnema fynt dat ferantwurde.

Littenseradiel hie earder al in foarsjenning troffen foar it eksploitaasjeferlies dat de gemeente hat troch de stagnearjende ferkeap fan boukavels. De eksploitaasje fan de bouprojekten lit in negatyf resultaat sjen fan goed ien miljoen euro. ,,Dat jild drukt no net mear op de begrutting”, seit Bonnema. ,,Foaral grutte gemeenten hawwe der bot lêst fan dat der minder kavels ferkocht wurde.”

De gemeente wol de boargers de kommende jierren net konfrontearje mei nije lestenferhegings. De onreplik guod belesting giet wol omheech, mar dêr stiet in ferleging fan de rioelfheffing tsjinoer. ,,Yn in tiid fan besunigingen wolle we de boargers net noch mear beleste.”

Op moandei 27 oktober komt de begrutting oan ’e oarder yn it Rûntepetear en op 10 novimber meie de riedsleden oanjaan wat se der fan fine.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 29 novimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids