Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaMoandei 25 Septimber 2017

 


It begjint te kribeljen. Der moat hurd wurke wurde


7 maaie 2014

Foar keatsleafhawwer Bram Bonnema is Littenseradiel in bekende gemeente

 ,,It is in útdaging om Littenseradiel sa goed mooglik oer te dragen oan de nije gemeenten en dêrby de belangen fan de ynwenners net út it each te ferliezen.” De nije wethâlder fan Littenseradiel, de 59-jierrige Bram Bonnema út Frjentsjer, realisearret him dat it de kommende fjouwer jier om mear giet as op de winkel passe. As wethâlder fan Gaasterlân-Sleat hat er de ôfrûne jierren ûnderfining opdien mei in weryndielingsgemeente. ,,Mar it wie dêr minder yngewikkeld. Dêr gong de gemeente yn syn gehiel oer.”

 

Bram Bonnema kaam op Koehoal ûnder Tsjummearum op ’e wrâld. Oan de seedyk is er ek grut wurden. Heit wie fisker en gernier, hie in stik of fjirtin kij en stie letter mei in kream op de merk. Nei de Mulo en Meao kaam Bram by útjouwerij Wever yn Frjentsjer en sette letter, tegearre mei Dingeman van Wijnen, útein mei Utjouwerij Van Wijnen.

Bonnema hie doe al politike ynteresse. Yn 1994 kaam er as fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenterie fan Frjentsjerteradiel. Yn 2006 waard er dêr wethâlder. Fjouwer jier letter foel de FNP bûten it kolleezje. Mar in tillefoantsje fan de FNP Gaasterlân-Sleat mei de fraach oft hy dêr wethâlder wurde woe joech in ûnferwachtse wending oan de politike karriêre fan Bonnema.  ,,It wie frij gau beslikke en sa waard ik foar 90 persint wethâlder yn Gaasterlân-Sleat.”

It wie doe al bekend dat de gemeente fjouwer jier letter opean soe yn De Friese Meren, fan 2015 ôf De Fryske Marren. Bonnema krige de portefúlje romtlike oardening, toerisme en rekreaasje, ferkear en ferfier en iepenbiere wurken. Op 1 jannewaris fan dit jier siet syn ‘klus’ der op en bedarre er sûnder wurk thús. Oant koartlyn de FNP Littenseradiel him benadere foar in wethâlderspost yn dizze gemeente.

Bonnema kent it Greidhoekegebiet goed. De problematyk fan de lytse doarpen en de foarsjenningen is him net ûnbekend. Yn de ôfrûne dagen hat er hjir en dêr efkes sjoen. Hy mei graach fytse, rinne en reedride. ,,Myn agenda is faak leech as we reedride kinne”, seit er mei in glimke. Mar boppe-al is er in keatsleafhawwer. ,,Ik ha sels in protte keatst en wie trije jier as coach fan it partoer fan Jan Bogtstra op de Freule oanwêzich.” Twa fan de trije kear stie er mei syn partoer foar de bestjoerstinte om in priis yn ûntfangst te nimmen. Yn augustus sit er as wethâlder yn de tinte.

De kommende fjouwer jier moat de oergong nei de trije gemeenten taret wurde. ,,We moatte der foar soargje dat de foarsjenningas op in goed nivo oerdroegen wurde”, sa seit Bonnema. ,,Tagelyk moat we noed stean foar de ambtners. We moatte der foar soargje dat it persoaniel goed teplak komt.”

Bonnema fynt dat er iepen is yn de omgong mei oare minsken. Hy noeget se dêr ek ta út. ,,Myn doar stiet altiten iepen. Minsken kinne maklik by my nei binnen rinne.” Hy sjocht út nei syn nije baan. ,,It begjint te kribeljen. Der moat hurd wurke wurde. Ik kom net nei Littenseradiel om fakânsje te fieren.”

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids