Op ’e Skille is in śtjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 24 Novimber 2017

 


Trije riedsleden by ōfskie keninklik ūnderskieden.


26 maart 2014

By harren ôfskie fan de gemeenterie binne trije ynwenners fan Littenseradiel keninklik ûnderskieden. Ulbe Bakker (CDA) út Winsum, Teunis Kalverboer (VVD) út Mantgum en Pyt de Boer (FNP) út Boazum krigen in lintsje omdat se tolve jier lid west hawwe fan de gemeenterie fan Littenseradiel. Ek waard der ôfskie naam fan Inge Slieker (VVD) út Kûbaard en Marie Drenth-Bontjer (SAM) út Easterwierrum. Slieker en Drenth kamen net foar in ûnderskieding yn oanmerking omdat se dêrfoar net lang genôch riedslid west hawwe.

Bakker, De Boer en Kalverboer waarden alle trije beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Neist syn wurk as selsstannich ûndernimmer is Bakker (62) sûnt 2002 riedslid west foar de CDA-fraksje. Dêrneist set er him ek op oare wize yn foar de mienskip. Sa is Bakker ûnder oaren aktyf foar de ûndernimmersferiening yn Winsum.

Pyt de Boer (61) kaam ek yn 2002 yn de gemeenterie. Neist syn riedslidmaatskip en syn wurk as selsstannich ûndernimmer yn de agraryske en toeristyske sektor, is De Boer bestjoerslid fan de Vereniging Kampeerboeren van Noord- en Oost-Nederland.

Kalverboer (55) kaam ek yn 2012 yn de gemeenterie. Foar de VVD wie hy earst fraksjelid, mar sûnt 2008 wie er fraksjefoarsitter. Sûnt 2003 is Kalverboer lid fan de Ruilferkavelingskommisje Baarderadiel en sûnt 2005 bestjoerslid fan de Mantgumer Nieuwlandshooiweg.

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 29 novimber

AGINDA




Gean nei de agina »

DIGISKILLE




Foarside argyf »
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshūs

StudioSmids