Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaTongersdei 14 Desimber 2017

 


Keninklik lintsje foar Paulus Zijlstra t Easterlittens


24 novimber 2017

Paulus Zijlstra (67) út Easterlittens is op freed 24 novimber beneamd ta Lid yn de Orde fan Oranje Nassau. Zijlstra set him al sûnt 1970 yn foar ferskate organisaasjes yn Easterlittens, lykas foar de fuotbalferiening en doarpsbelang. Ek wie hy foarsitter fan it Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO) yn Easterlittens. Dat wie it earste CPO dat op dy wize in nijbouprojek realisearre. It lintsje waard opspjelde troch boargemaster Johanneke Liemburg by in algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelang Easterlittens.

Zijlstra wie fan 2008 oant 2017 foarsitter fan it Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO) yn Easterlittens. Hy hat him dêrmei ynset foar it realisearjen fan in útwreidingsplan foar ynwenners fan Easterlittens mei de namme ‘Boalserter Feart’ mei 11 wenten. Fiif famyljes namen yn 2009 it inisjatyf om sels nijbou te realisearjen. Dat is útgroeid dat in feriening besteande út 11 famyljes dy’t elk in eigen wente boud hawwe. De CPO-feriening yn Easterlittens wie de earste dy’t yn dizze foarm in nijbouprojekt realisearren.

Ek de fuotbalferiening spilet in grutte rol yn it libben fan Zijlstra. Fan 1970 oant 1982 wie hy trainer en fan 1982 oant 1994 wie hy foarsitter fan Voetvalvereniging Oosterlittens (VVO). Noch hieltyd is hy aktyf foar de feriening as lid fan de pr-kommisje.

Zijlstra wie dêrnjonken by in soad projekten en organisaasjes yn syn doarp Easterlittens belutsen. Sa wie hy bygelyks klusser by de bou fan Multyfunksjoneel Sintrum De Jister en regele hy letter by de ferbou fan De Jister de ynset fan frijwilligers.

Fan 1995-2000 wie hy bestjoerslid fan doarpsbelang. Sûnt 2015 is hy foarsitter fan de wurkgroep Multi Sport Arenda. Op it âlde gravelfjild wurdt in multyfunksjonele sportakkommodaasje ûntwikkele, mei in keatsmuorre, pannakoai en skeelerbaan. Ek is hy frijwilliger by en foarsitter fan de Stichting Financiering verenigingen en instellingen Easterlittens (SFO), bygelyks mei it opheljen fan âld papier.  (foto: Jaap Bonhof)



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op tiisdei 27 desimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids