Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaTongersdei 14 Desimber 2017

 


Greidhoeke sintraal punt foar ferslachjouwers Omrop Fryslân


11 novimber 2017

Hoe libje de weryndielingferkiezings yn de Greidhoeke? Wat fine de minsken der fan dat it gebiet opgiet yn trije ferskillende grutte gemeenten? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sykje it út. Lennie Bronsveld, Afke Boven en Bauke Deelstra ferdiele harren oer de trije nij te foarmjen gemeenten. De Greidhoeke leit hjiryn letterlijk sintraal. En o ja, de ferslachjouwers binne neist jo ferhaal ek op syk nei in sliepplak foar de nacht!

 

Kameraploegen mei alles der op en der oan sjogge jo net dizze wike. Mei mobile telefoans filmje de ferslachjouwers wat sy tsjinkomme en meitsje se lûdsopnames foar radioreportaazjes. Fia in app hawwe se kontakt mei de studio yn Ljouwert. Om echt te witten te kommen wat der spilet, wêr't minsken it jûns op de bank oer hawwe en wêr't se moarns mei wekker wurde, sykje de ferslachjouwers in sliepplak. Kin Afke, Lennie of Bauke by jo útfanhûs of hawwe jo in oare tip oer in persoan dêr't se écht mei prate moatte? Mail it nei redaksje@omropfryslan.nl.

Bauke Deelstra stapt dizze wike yn Súdwest-Fryslân om. Afke docht dat yn gemeente Leeuwarden en Lennie yn gemeente Waadhoeke. Bauke: “Afke, Lennie en ik hâlde ús mei ferskillende tema’s dwaande, lykas ferkear, soarch en ekonomy. Ik ha mysels foarnommen om sa ûnbefangen mooglik de gemeente yn te gean. Dan fernim ik it bêste wat der spilet. Mar wat foar my it belangrykste is, is dat de minsken earlik binne oer de sitewaasje yn harren gemeente. As minsken bliid binne mei guon saken, dan mei dat bêst sein wurde.

De soargen dy't se hawwe, sille ek grif nei foaren komme. It belangrykste fyn ik dat de minsken stimulearre wurde om op 22 novimber te stimmen. It soe skande wêze as minsken harren stim net jilde litte. Dus as jo dizze wike in blonde krullebol yn jo wenplak sjogge, stap dan rêstich op my ôf, want ik bin benijd nei jo ferhaal.”

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op tiisdei 27 desimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids