Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSneon 23 Septimber 2017

 


Hardorff-oargel yn Victortsjerke Kbaard wer yn gebrk naam


24 july 2017

 It monumintale Hardorff-oargel yn de Victortsjerke te Kûbaard is nei in yngripende restauraasje op 13 july opnij yn gebrûk naam. It tsjerklik muzykynstrumint yn Kûbaard is it âldste noch komplete oargel fan de ferneamde Ljouwerter oargelmakker Willem Hardorff (1815-1899). Hy boude it Kûbaarder tsjerke-oargel yn 1856.

Troch Durk Hibma

De iepening barde op in ludike wize. Achter yn de tsjerke wie in sabeare blaasbalge opsteld dy’t betsjinne waard troch trije gelegenheidspûstetrapers, boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel, dûmny Henk Bakker fan de streekgemeente Kûbaard-Spannum-Iens en keunstskilder Martin Sijbesma fan Kûbaard.
 ,,Een orgel is een fantastisch ingewikkeld instrument. Vanuit de kerk is maar een klein deel zichtbaar, maar achter het prachtige front staan in de grote kast wel 730 pijpen van metaal en hout”, sa sei Theo Jellema, oargel-adviseur en begelieder fan de restauraasje, yn syn taspraak. Benammen it front neamde hy unyk en tige seldsum. Meastentiid bestiet sa’n front út trije trochrinnende tuorren. Yn Kûbaard hâldt de middelste toer healweis op en jout de romte oan in grut middenfjild mei dêrûnder de útbylding fan in strieljend rizende sinne as metafoar fan de kommende nije dei.
 

Binnenwurk

De jongste restauraasje is yn twa fazen útfierd mei in tuskentiid fan goed tweintich jier. It ôfrûne healjier is it hiele binnenwurk yn de wurkpleats fan oargelmakker Bakker & Timmenga te Ljouwert ûnder hannen naam. Ien fan de wichtichste yngrepen hat neffens Jellema west dat in pear registerwizigingen by de restauraasje fan 1924 wer ûngedien makke binne. In tal pipen is ferfongen en werom pleatst nei de eardere posysje. Dêrtroch hat it oargel syn oarspronklike klankbyld werom krigen, libben en strieljend. ,,Het orgel klinkt weer zoals de maker Hardorff het heeft bedoeld”, sa sei Jellema.
Ien fan de grutste bedrigings foar in monumintaal tsjerke-oargel is neffens de adviseur in strange winter. De kachel wurdt fiks opstookt en en dêrtroch droegje materialen as hout en lear hurd út. Syn advys wie dan ek: ‘Bidden dat er niet te strenge winters komen en stook de kachel vooral niet te hoog op’. Theo Jellema liet de oanwêzigen noch genietsje fan de moaie klank dy’t de âlde Hardorff werom krigen hat.
Fierder hat de skilderskombinaasje Auke Bloemhof (Hartwert) en Laas Sijbesma (Easterein) it skilderwurk fan de oargelkas en -kreake foar syn rekken nommen. De restauraasje fan it Kûbaarder tsjerke-oargel hat sa’n 125.000 euro koste. Mei troch de rynske stipe fan de provinsje Fryslân, de gemeente Littenseradiel, ferskate fûnsen en de eigen (tsjerklike) mienskip fan Kûbaard koe de finansiering rûnbreide wurde.  
 


 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs