Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 24 Novimber 2017

 


Iepen dei ld Toer Easterwierrum


13 juny 2017

 Op 24 juny kin elk fan 10.00 oant 15.00 oere ris yn de toer sjen. De toer sels is al iuwen in beaken yn it lânskip en wurdt hast alle dagen op de foto set. Yn de toer is it lykwols ek ynteressant: fraaie 14de-17de iuwske grêfstiennen – dy’t ferwize nei de tiid dat Easterwierrum ferneamd wie om syn hynstemerk –, en in 17de-iuwsk oerwurk. Ek op it hôf lizze moaie stiennen.

 It lân deromhinne sjocht der fan terphichte hiel oars út as fan de dyk ôf. Sûnt in jier sit der ek wer in wizerplaat op de toer, no oan de eastkant, en klinkt it lûd fan de klok alle oeren en healoeren. Wa’t doart, kin hielendal nei boppen om dy klok te besjen. Stichting Behâld hat it glês-yn-leadrút restaurearje litten, twa treppen binne fernijd, balken ferstevige, der is foege en skildere en der is nije liedmotor en in nije bongel (klepel) by de klok kommen. Koartsein: de nije gemeente Súdwest krijt der takom jier in prachtmonumint by! 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 29 novimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs