Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 24 Novimber 2017

 


Slachtemaraton 2018 is mei 84 km foar de echte trochsetters


14 april 2017

De Slachtemaraton 2018 is der ien foar trochsetters, foar de echte 'diehards'. De tocht giet oer 84 kilometer en dêr ha de dielnimmers twa dagen de tiid foar. Op 31 augustus is de start yn Raerd en in dei letter is de finish yn Easterbierrum. De tocht giet dizze kear net oer de slachte, mar troch 22 doarpen. Op de helte fan de tocht binne der fiif sliepdoarpen: Easterein, Wommels, Kûbaard, Tritsum en Tsjom. ,,It is allegearre oars as oars", sa sei foarsitter foarsitter Anne Jochum de Vries fan de organisaasje freedtemiddei yn Kûbaard by de presintaasje fan de plannen.

It tema fan de Slachtemaraton fan takom jier, dy't yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 plakfynt, is thús. De kuiertocht komt by de minsken thús, yn de doarpen. ,,We litte de dyk los en tille de doarpen op", stelde De Vries. ,,Sliepen bliuwe yn ien fan de doarpen is net in ferplichting, mar wy sille de minsken wol ferliede om te bliuwen", joech de foarsitter oan, Oeral kin sliept wurde: op spesjale campings, yn de sporthal, by de minsken thús. De sliepdoarpen sille feroarje yn festivaldoarpen, dêr't fan alles te belibjen falt.,,It wurdt in stevig programma fol ambysje en kwaliteit."

It is allinne in tocht foar rinners. De hurddravers komme net yn aksje. Dy moatte wachtsje oant juny 2020, as de reguliere edysje fan de Slachtemaraton op it programma stiet. Minsken kinne harren ek net foar ien dei opjaan, se moatte dy twa kear 42 kilometer ôflizze om de tocht te folbringen. De organisaasje hat de limyt stelt op 10.000 dielnimmers. Foar de freonen giet de ynskriuwing op 23 septimber fan dit jier fan start, in wike letter begjint de frije ynskriuwing.

 

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 29 novimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs