Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaMoandei 25 Septimber 2017

 


Favoriten treffe inoar yn earste omloop Freule


6 augustus 2016

 Op de 111de edysje fan de Freule yn Wommels treffe de favorite partoeren Peins en Makkum inoar daliks yn de earste omloop. Ofrûne sneon keatsten de twa doarpen op de Pier Elgersmapartij yn Wytmarsum ek tsjin elkoar. Doe waard it 5-5 en 6-6 en gong de winst nei Makkum. Yn de finale ferlear Makkum fan Menaam.

De winner fan de partij tusken Peins en Makkum treft kommende woansdei yn de twadde omloop Berltsum, ek ien fan de favoriten. Berltsum keatst yn de earste omloop tsjin Achlum. Oare kânshawwers foar it Freulegoud binne Menaam en Eksmoarre.

Oan de kommende Freule dogge 49 partoeren mei. Ferline jier wiene dat der fyftich. De keatspartij foar jonges is 113 jier lyn foar de earste kear organisearre. Yn 1914, 1943 en 1944 waard de partij net holden, sadat we no de 111de edysje hawwe. Ferline jier waard de Freulepartij wûn troch Makkum, dat yn de finale it jongespartoer fan Ried fersloech. Fyftich jier lyn wûn Marsum de Freule. Dit doarp stiet dit jier net op de list.

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs