Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSneon 23 Septimber 2017

 


Slachtepop op 9 en 10 juny mei keatsen, hnmelke en muzyk


26 maaie 2017

 Op freed 9 en sneon 10 juny fynt de sechsde edysje fan Slachtepop plak op Littenserbuorren by Wommels.  It feest set op freed 9 juny om 19.00 oere útein mei de tredde edysje fan it nachtkeatsen yn it eigen ‘keatsdome’. Der is romte foar 48 partoer frije formaasje. Neist de sportiviteit dêr’t it dizze jûn om draaie sil, is der ek romte foar in drankje en in dûnske. De muzyk wurdt fersoarge troch Frerik de Swetser en Joop Obama.

Sneon 10 juny is it dan tiid foar it grutte spektakel fan Slachtepop. Dit jier mei de bands the Recipe en de hjir wol bekende Suskes. De Recipe is neffens ferskeidene stimmingen ien fan de beste coverbands fan Nederlân. De Suskes sille ek harren eigen draai jaan oan dizze jûn, ûnder oare mei it harren top hit ‘Melken doe je zo’. Hjir oan ferbûn sil oan it begjin fan de jûn earst striden wurde kinne om de titel ‘bêste hânmelker út ‘e regio!’.

Freedtejûn is de tagong fergees. Ynskriuwe foar it keatsen kin fia de website fan Slachtepop.  Foar de sneontjûn binne de kaarten yn de foarferkeap by It Reade Hynder yn Wommels, Jumbo Kooistra yn Wommels en snackbar Miedema yn Boalsert. Foar it alderlêste nijs ferwiist de organisaasje nei de website www.slachtepop.nl as facebook.

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids