Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSneon 23 Septimber 2017

 


Elmar Kuiper nominearre foar J.C. Bloem Pozieprijs


30 maart 2017

Elmar Kuiper út Húns timmert gâns oan ’e wei. De dichter, byldzjend keunstner, filmmakker en sjonger is mei syn dichtbondel Ruimtedier nominearre foar de J.C. Bloem Poëzieprijs. It giet om in ,,eigenzinnige prijs’ foar de twadde dichtbundel fan in Nederlânsktalige dichter.  De priis is ferneamd nei de dichter J.C. Bloem, dy’t de lêste jierren fan syn libben trochbrocht yn de gemeente Steenwijkerland.

De twajierlikse priis, it giet om in bedrach fan 2500 euro, wurdt útrikt oan dichters dy’t gjin debutant mear binne en fan wa ferwachte wurdt dat we dêr yn de takomst noch wol mear fan hearre sille. Ien fan de eardere winners wie Esther Perquin, dy’t op it stuit Dichter des Vaderlands is.

Der binne fiif dichters nominearre. De sjuery skriuwt dat Elmar Kuiper mei syn dichtbundel Ruimtedier in opmerklike nominaasje is. It Dagblad van het Noorden hat it oer “superieure poëzie”. ,,De mens grossiert in gejammer, zo lezen we ergens in zijn overwegend verhalende gedichten. Kuipers eigen gejammer getuigt evenwel van een veelzijdig en groot talent”, sa stiet yn it sjueryrapport.

Op 9 april wurdt de winner fan de J.C. Bloem Poëzieprijs bekend makke.

 

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs