Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSneon 23 Septimber 2017

 


Roekrock yn Weidum nimt fskie mei in knaller


7 maart 2017

Op sneon 11 maart nimt Weidum ôfskie fan Roekrock, ít festival foar bands út de provinsje. It beslút is nommen, dizze tweintichste edysje wurdt neffens bestjoerslid Patrick Kramer in knaller: ,,Tweintich jier Roekrock slute wy ôf mei in bang.

Troch Janneke de Boer

In ploech freonen betocht tweintich jier lyn dat it tiid wie foar wat mear reuring yn Weidum. Sy begûnen mei de aktiviteitekommisje Snein Oerein mar al rillegau seach ek Roekrock it ljocht, dit waard in jierliks weromkommend feest. In feest sa’t sy it sels ek graach fiere woene; mei bulten bekenden en goeie muzyk.

Oan al dy saken waard nea ôfbreuk dien, de ôfrûne tweintich jier ûndergie it just in upgrade. Patrick oer de kracht fan Roekrock: ,,Us hiele oanpak, de entûraazje waard altyd bot wurdearre. Troch besikers mar ek seker troch de bands, we hawwe withoefaak kompliminten krige oer de profesjonele oanpak, it goeie materiaal. Benammen de bands wurdearje dit en wiene dan ek faak ferrast troch it ‘festivalletje in Weidum’.”

,,Mei troch in hyltyd mear profesjonele oanpak én mei troch de oanpaste easken fan hjoeddedei is de organisaasje fan it festival bot feroare. Boppedat, de jeugd fan tsjintwurdich hat oare winsken en makket oare keuzes; stie earder it stek fol mei fytsen, dat binne der no noch mar in hantsjefol,” follet foarsitter Tialde Ploegh oan.

Alles bymekoar makket it dat it hjoeddeistige bestjoer de stekker der nei tweintich jier útlûkt en mei Roekrock stoppet op it hichtepunt.

Wilens de kommende edysje hawwe guon bestjoersleden fan ’t earste oere noch altyd in sit yn it bestjoer: ,,Oare bestjoersleden út eardere jierren binne ek altyd noch nau belutsen by it festival. Mar ek ús frijwilligers, guon hjirfan skowe spesjaal dit jier nochris oan. Roekrock draait folslein op frijwilligers, dat mei ek wolris sein wurde, best bysûnder!” seit Tialde oer de belutsenens.

Francisca de Vries, bestjoerslid, heakket dêr oan ta: ,,Wy hawwe altyd in soad baat hân by de goeie gearwurking mei it doarpshûs, fierhinne alles koe en mocht altiten. No sûnder Roekrock is der romte foar wat nijs. Der is yn Weidum safolle mooglik. Wy soene it hiel moai fine om te sjen dat oaren dy kâns pakke en ek wat moais organisearjen geane!”

Stiene earder IOS, The Kik en De Woartels op it poadium, dit jier kin de taskôger opnij genietsje fan in oantreklik program. Top 100-band Solid Ash iepenet it festival, de jonge hûnen fan Major Chaos nimme dêrnei it stokje oer. Aardich om te melden is dat drummer Yme Kramer (soan fan bestjoerslid Patrick) syn earste Roekrock trochbrocht yn in bernewein backstage, de lêste Roekrock is er drummer fan Major Chaos, de sirkel is rûn.

 Tsjin tolven is de topband Handsome Poets oan bar, bekend fan ûnder oare de hit Sky on fire en de jûn wurdt ôfsletten troch Luminize, ek it hichtepunt fan Roekrock 2015, in all-girl rockband út Kroaasje dy’t treflike pop en rock nei Weidum bringt. ,,Dit wolst net misse, in spetterjende jûn: Alles út ‘e kast!” slút Patrick ôf.

 

Ynfo en kaarten: www.roekrock.nl

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs