Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSneon 23 Septimber 2017

 


Ynskriuwe Keunstrte Littenseradiel kin noch oant 1 maart


20 febrewaris 2017

It organisaasjeteam is drok dwaande mei de tarieding fan de Keunstrûte Littenseradiel, dy’t hâlden wurde sil yn it wykein fan 20 en 21 maaie. De dielnimmers oan de keunstrûte sille yn it tredde wykein fan maaie de doaren fan harren ateliers en eksposysjeromtes wer iepenje foar it publiek. Ek de oersjocheksposysje yn Winsum is sa stadichoan in begryp wurden. Dizze exposysje jowt in moai byld fan de keunstrûte en is dan tagelyk ek ynformaasjepunt en it begjinpunt fan de rûte.  Lyk as foargeande jieren stiet de fergese lotterij ‘Win in keunstwurk’ ek wer op it programma, der is dit jier in prachtich skilderij te winnen.

Fansels kinne gasteksposanten fan bûten de gemeente ek wer dielnimme, mits sy eksposearje op útnoeging fan in dielnimmer út de gemeente Littenseradiel.Minsken dy’t meidwaan wolle hawwe noch in lyts wike de tiid om har op te jaan.It oanmeldingsformulier en de betingsten binne te finen op de website: www.friesekunstroute.nl. De ynskriuwtermyn slút woensdei 1 maart.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids