Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaSneon 23 Septimber 2017

 


Driuwend poadium yn Sdwest-Frysln


9 desimber 2016

Yn 2018 feart it Cultureel Platform SWF mei in driuwend poadium troch Súdwest Fryslân. Yn likernôch 14 doarpen en stêden jouwe pleatslike amateurkeunstbeoefeners foarstellings tegearre mei teatergroep SULT. Foar dit projekt kriget it platform € 35.000,- subsydzje út it provinsjale Iepen Mienskipsfûns (IMF). De totale ynvestearring is mei-inoar € 226.926,-

It poadium, yn de foarm fan in brêge, feart op sinne enerzjy fan it iene kultureel sintrum nei it oare. Teatergroep SULT wurdt per oanlisplak fersterkt mei pleatslike leden fan koaren, korpsen, toanielklubs, en sa fierder. Publyk sit op de wâl of leit mei lytse boatsjes rûnom de brêge. Learlingen fan it ROC Fryske Poarte bouwe it driuwende poadium.

De brêge is it uterste symboal foar gearwurking. Benammen yn dizze wetterrike regio. Sûnt 2011 wurkje de 14 kulturele sintra yn Súdwest-Fryslân al tegearre. Mei dit projekt ‘Een brug slaan’ wurdt de gearwurking fierder útwreide en sichtber makke.

Yn jannewaris 2017 kinne ynwenners fan Fryslân wer subsydzje út it IMF oanfreegje. Betingst is dat it in goed inisjatyf foar it ferbetterjen fan de leefberens yn harren wyk, doarp of regio wêze moat. It Adviesteam Zuidwest Fryslân en de doarpenkoördinatoaren fan de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân advisearren yn de lêste subsydzje-omgong fan 2016 posityf oer 25 projekten yn de regio. Dat draacht by oan in ynvestearring yn de leefberens fan mei-inoar hast € 639.000,-. Sjoch foar mear ynformaasje oer it IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/imf.

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs