Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaMoandei 25 Septimber 2017

 


Heerenveen


13 july 2015

Easterein – We hiene it net sa yn de gaten, mar 31 maaie wie foar sportend Easterein wol in hiel belangrike dei. Yn Arnhem waard doe de kompetysjewedstriid Vitesse-SC Heerenveen spile. By winst gong de Fryske klub nei de play offs fan de UEFA Europa League en gong it oefenprogramma op de skop. Waard der ferlern dan soe SC Heerenveen foar in oefenwedstriid nei Easterein komme. It waard 5-2 foar Vittesse. Kommende freed spilet it team fan Dwight Lodeweges op de Skoalleseize. De tsjinstanner is MVV út Maastricht.

 

,,We sieten der as drukkerij wol wat dûbeld yn. Saaklik sjoen hie it foar ús en It Hearrenfean fansels folle better west as wy Europa yngongen, mar foar SDS en de Skoalleseize wie it fansels folle aardiger as SC Heerenveen en MVV nei Easterein kamen foar in oefenwedstriid”, sa fertelt Durk-Jorrit van der Eems.

 Dat beide profklubs kommende freedtejûn nei Easterein komme om dêr tsjin inoar te spyljen is wol hiel bysûnder. En it is ek bysûnder dat it SDS en de Skoalleseize gjin sint kostet. De opbringst fan de wedstriid is nammentlik ornearre foar de oanlis fan in keunstgersfjild, it opknappen fan de fjilden en it ferbetterjen en de útwreiding fan de klaaiboksen op de Skoalleseize yn Easterein

Oan de wedstriid is in lange wei fan oerlis foarôf gongen. In wichtige rol yn de tarieding spile Sjoukje van der Eems. Se is bestjoerslid fan de Skoalleseize, de stichting dy’t it sportfjildenkompleks beheard en se sit as ien fan de grutte sponsors yn It Fean ticht by it fjoer. Drukkerij Van der Eems is net allinne sponsor fan SC Heerenveen, mar ek haadsponsor fan fuotbalferiening SDS.

 ,,It ferskil is dat we yn It Fean sponsor binne fan it earste team en yn Easterein fan de hiele feriening. Fan de sponsoring yn It Fean besykje we sels better te wurden. Sa binne we húsdrukker fan SC Heerenveen. Yn Easterein binne we stiper fan de klub omdat wy ek de ferantwurlikheid fiele om ús foar de pleatslike mienskip yn te setten”, jout Durk-Jorrit oan.

Ofrûne winter waard der yn de kommisje, dy’t as taak hat jild yn te sammeljen foar de fernijingen op de Skoalleseize, al ris oppere dat it moai wêze soe as immen fan SC Heerenveen yn Easterein in iepenbiere training fersoargje soe. Dat soe fêst mear opsmite dan blombollen ferkeapje. Letter waard yn it doarp oppere om it earste hjir hinne te heljen foar in wedstriid.

Doe’t Sjoukje in pear wike letter tidens in itentsje foar sponsoren fan SC Heerenveen neist ien fan de trainers kaam te sitten frege se ris nei de mooglikheden fan in oefenwedstriid yn Easterein. It oefenprogramma foar dizze simmer wie noch net klear, dat der wiene mooglikheden. Nei in protte tillefoantsjes en oerlis joech de klub oan om nei Easterein te kommen. ,,Op 1 april krigen wy it te hearren, mar moasten it noch stil hâlde”, fertelt Sjoukje. As de play offs fan Europeesk fuotbal berikt wurde soene, gong it feest net troch.

De wedstriid waard earst ynpland foar 21 july. Net sa’n gaadlike datum foar Easterein, de oare deis organisearret de keatsferiening de Jong Feintepartij op de Skoalleseize. Sjoukje frege yn it ‘Friese Haagje’ om in oare dei en sa waard it by eintsjebeslút 17 july. De tsjinstanner waard MVV, dy’t nije wike op trainingskamp is yn Fryslân.

,,It wurdt in hiele aardige happening foar de fuotballeafhawwers”, jouwe Durk-Jorrit en Sjoukje oan. ,,Sûnder drukkerij hie dit net slagge. As grutte sponsor ha we it rjocht ien kear yn it jier gebrûk te meitsjen fan de trainer, spilers en bestjoer. Dat hiene we noch nea dien en helje it no dûbel en dwers yn.”

 

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 6 septimber

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs